Omrop TIP: Eelke Lok nimt op eigen wize ôfskied

05 sep 2015 - 08:46
  • Eelke Lok

In eigensinnige man dy’t nea om in miening ferlegen is. Dat is sjoernalist Eelke Lok. Nei 40 jier by Omrop Fryslân hat de redakteur de âldens berikt dat er mei pensjoen sil. Dêrmei komt in ein oan it tiidrek-Eelke op de Fryske radio en televyzje. Hy nimt ôfskied mei in spesjale ôflevering fan Fryslân DOK dy't folslein yn it teken fan it ôfskied fan de sjoernalist Eelke Lok stiet.

Mei in tal gasten sjocht Eelke op it terras fan Hotel Galamadammen yn Koudum werom op syn karriêre by de omrop. Wat is der feroare yn de sjoernalistyk? Hoe gie de oerstap fan radio nei televyzje?

It ôfskied fan Eelke Lok is sneon om 15:30 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)