Omrop TIP: Drama en keunst yn radioprogramma Buro de Vries

06 feb 2016 - 12:00
  • Gerda Tolk fan Ljouwert
  • Douwe ten Dam as cowboy, skildere troch Jopie Huisman
  • Douwe ten Dam, tekene troch Jopie Huisman

Stel, je bin as frou troud met in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke. Snein yn it radioprogramma Buro de Vries in rekonstruksje fan it fassinearjende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. Buro de Vries gie mei de moedige lesbienne werom nei Stiens dêr't it him 35 jier lyn allegear ôfspile.

De folsleine radiodokumentaire ‘It smelle paad fan Gerda Tolk’ is te hearren yn Buro de Vries sneintemiddei tusken 11 en 13 oere.

Wa stiet der op de nije "Jopie's"

Yn it telefyzjeprogramma 'Tussen Kunst en Kitsch', ferline wike woansdeitejûn, kamen twa nije wurken fan de Warkumer skilder Jopie Huisman foar it ljocht. It giet om in profyltekening en in skilderijke fan dyselde jongen, mar dan ferklaaid as cowboy. It radioprogramma Buro de Vries wie nijsgjirrich nei dizze jongen op it doek en socht it út.

Cowboy

It is Douwe ten Dam, hy waard ek wol Douwke neamd. Hy wie in jeugdfreon fan Jopie Huisman. Douwe wie de neef en pleechbroer fan Fettie Lemstra-ten Dam, de eigeneresse fan beide wurken. It wie in echte avonturier. Frou Lemstra fertelt: 'Hy sei altyd; 'letter wurd ik cowboy' en derom hat Jopie him sa skildere. En hy is it wurden ek!"

Op syn 27ste is Douwe ten Dam emigrearre nei Australië en wie hy efkes cowboy. "Mar dat foel net ta, de hiele dei op de rêch fan sa'n hynder sitte".

Harkje foar it hiele ferhaal nei Buro de Vries, snein tusken 11 en 13 oere op 92.2FM of op ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)