Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Rúzje 5.2

09 des 2014 - 11:00

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 2 fan ôflevering 5.

Denise, Kevin en Lieske krije rúzje. Want, wat is no it echte motyf om mei te dwaan oan de kaping?

Besjoch ek de fjirde ôflevering fan 'De ÚTFLECHT'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)