Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Rassist 3.4

27 nov 2014 - 10:52

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 4 fan ôflevering 3.

Denise wol net mei op skoalreiske om't Lionel der net by wêze kin. Johan fynt it prima dat Lionel der net by is. Hy is dochs sels ek ferantwurdlik foar syn beslút om nei Nederlân te reizgjen?

Besjoch ek de twadde ôflevering fan 'De ÚTFLECHT'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)