Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Delsketten 6.1

15 des 2014 - 11:09

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 1 fan ôflevering 6.

In slûpskutter hat Lieske delsketten. Dochs liket der in oplossing yn sicht te wêzen. Dan dûkt Lionel ynienen op by de bus.

Besjoch ek de fiifde ôflevering fan 'De ÚTFLECHT'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)