Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Arrogânsje 3.2

25 nov 2014 - 11:00

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 2 fan ôflevering 3.

De plysje lit de kapingsaksje fan Denise, Kevin en Lieske folslein links lizze. Lieske en Denise prate oer wat se tsjin it systeem fan útsetting dwaan kinne. 

Besjoch ek de twadde ôflevering fan 'De ÚTFLECHT'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)