Omrop TIP: de REC ûnder fjoer

05 mrt 2016 - 07:33

De REC, de Reststoffen Energie Centrale yn Harns, leit fan it begjin ôf ûnder fjoer. Yn oktober ferline jier kaam der by in steuring oardel kear de maksimum hoemannichte dioksine fan in hiel jier frij. Dat die bliken út kontinue dioksinemjittingen dy’t der ûnder druk fan kritisy kommen binne. De miljeufergunning stiet lykwols ta dat by steuringen boppe de noarms gien wurde mei.

Al foar de bou fan de REC yn 2011 wiene der in soad krityske lûden. De diskusje hâldt Harns al jierren yn ‘e besnijing. Net allinnich omwenners meitsje harren grutte soargen, mar ek yngenieur Johan Vollenbroek en toksikolooch Abel Arkenbout skriuwe rapporten oer de ferhege dioksine-útstjit. Vollenbroek komt mei in tal oanbefellingen om de ôffaloven te ferbetterjen. Ien fan syn konklúzjes is dat de skoarstien fan de REC omheech moat. Ek in punt fan jierrenlange kontroverze. Omwenners hawwe fanwegen it sâltsoer bytiden lêst fan harren eagen en kiel as de reek nei ûnderen delslacht.

Feilichheid foarop

Wat is hjir no wiisheid? Moat de skoarstien omheech? En binne der noch mear saken dy’t oanpast wurde moatte? Elkenien wrakselet mei de matearje, de polityk is ferdield en it krêftfjild kompleks. Boargemaster Roel Sluiter fan Harns hat syn nocht fan it ‘gedonder’ om de REC hinne: "Er moet een oplossing komen, dat ding moet nu goed gaan functioneren".

Dizze Fryslân DOK is in update fan en ferfolch op de dokumintêre ‘Dioxine yn Harns’ fan maart 2015.

De dokumintêre 'Under de reek fan de REC' is sneon om 15:30 oere en snein om 13:00 oere te sjen op NPO 2. En snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)