Omrop TIP: De krystnachttsjinst by Omroplive

24 des 2015 - 16:00

Hûnderttûzenen minsken dwale dizze winter troch Europa, op syk nei frede, gerjochtichheid en in waarm en gastfrij ûnthaal. Op tongersdei 24 desimber is it krystjûn en tradisjoneel binne der rûnom yn de provinsje krystnachtfieringen. Sa ek yn Sportstêd Hearrenfean. Dêr wurdt dit jier wer de 'Krystnacht in Sportstad' organisearre.

It is de tsiende kear op rige dat de krystnachttsjinst organisearre wurdt yn Sportstêd Hearrenfean. Dit jier is it tema: ‘Mag ik dan bij jou?’ Lykas foarich jier is de krystnachttsjinst rjochtstreeks te folgjen fia de ynternetstjoerder Omroplive. It foarprogramma set om 20.00 oere útein, de tsjinst sels begjint om 20.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)