Omrop TIP: De hurde wrâld fan in hurdfytstalint yn De Koers

04 jan 2016 - 13:29

Hurdfytse, traine en de konkurrinten foar bliuwe. De wrâld fan it hurdfytsen is net altyd maklik, sa blykt yn de nije jeugddramasearje ‘De Koers’ fan Omrop Fryslân. De Koers is dizze hiele wike te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Yn de searje aktearje bekende akteurs en nij talint.

It ferhaal

Sieger (spile troch Romke Gabe Draaijer út Ljouwert) en Paulus Jörgen Scholtens út Ljouwert (bekend fan Onderweg Naar Morgen) binne bejeftige hurdfytsers. Beide sitte yn team ‘Wâldwrotters’ dêr’t sy en de ploechmaten traind wurde troch Bauke Marcel Faber (bekend fan û.o. Dankert en Dankert en GTST). Sieger stiet foar in wichtige kar no’t hy op it punt stiet om in profkontrakt te bemachtigjen. Want hoe hurd moatst wêze om de top te heljen?

Eins soe de 17-jierrige Sieger noch in toskje byskeakelje moatte om de konkurrint foar te bliuwen. Syn coach set him ûnder druk. En dan is der noch Marije, syn freondinne dy't gjin sin hat yn ferkearing mei in fanatyk trainingsbist. Wannear’t der in slim ûngelok bart mei Remco, it bruorke fan Marije, moat Sieger yn koarte tiid alles op alles sette om Remco te helpen. Kin hy Marije wer foar him winne, de freonskip mei syn fytsmaten wer goed krije én syn doel berikke, it profkontrakt?

Lêsprojekt

De Koers is regissearre troch Halbe Piter Claus en skreaun troch Bart Kingma. Kingma is ek de skriuwer fan it boek ‘De deikoersen fan Remco’, dat it ferhaal fertelt fan Remco nei syn ûngemak en dus oanheakket op de searje. ‘De deikoersen fan Remco’ is spesjaal foar it ‘LêsNo’ projekt skreaun. LêsNo is in projekt om Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar jongerein yn it foartset ûnderwiis.

Alle ôfleveringen fan De Koers binne ek al te sjen op omropfryslan.nl/dekoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)