Omrop TIP: de Fryske derby op radio, tv en ynternet

01 nov 2015 - 07:02
  • Morten Thorsby yn aksje tsjin Mohamed El Makrini en Marlon Pereira

De echte fuotballeafhawwers sjocht der al tiden nei út: de Fryske derby. Yn it Abe Lenstra-stadion nimt SC Hearrenfean it snein op tsjin de SC Cambuur. Dêrneist giet ek de striid tusken twa Fryske trainers: Foppe de Haan stiet tsjinoer Henk de Jong. Yn febrewaris waard de twastriid noch wûn troch de Ljouwerters mei 2-1.

De wedstriid begjint om 14.30 oere is fansels live te folgjen op Omrop Fryslân radio mei kommentaar fan Arjen de Boer en Geert van Tuinen. 

Op omropfryslan.nl en de omrop-app is de wedstriid ek te folgjen fia de livestream en wurdt in liveblog byhâlden mei in oersjoch fan wat der allegear spilet op de sosjale media. Jûns yn Hjoed op televyzje in gearfetting fan de wedstriid mei reaksjes fan beide ploegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)