Omrop TIP: Achlum Lêzing en ONFK live te folgjen

17 apr 2015 - 07:30
  • argyffoto

De Achlum Lêzing fan generaal bûten tsjinst Peter van Umh is freedtemiddei 17 april live te folgjen fia Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl. De lêzing giet oer solidariteit yn de Nederlânske mienskip. De Achlum Lêzing is in inisjatyf fan ferserkerder Achmea en is neamd nei it doarp dêr’t it bedriuw goed 200 jier ferlyn oprjochte waard. De lêzing komt út de tsjerke fan Achlum wei. Sprekker Peter van Umh wie fan 2008 oant 2012 Commandant der Strijdkrachten, de heechste militêr fan de Nederlânske kriichsmacht. De Achlum Lêzing begjint om 12.00 oere.

De ONFK, it kampioenskip foar fanfare-orkesten út hiel Nederlân, is op freed 17 en sneon 18 april yn De Lawei yn Drachten en wurdt organisearre troch de Stichting Frysk Fanfare Festival. Sa’n 35 orkesten, wêrûnder ferskate Fryske fanfares, dogge mei yn fiif divyzjes. Omrop Fryslân stjoert de kampioenskippen live út op Omroplive.nl op freed 17 april fan 17.00 oant 23.00 oere en sneon 18 april fan 09.30 oant 24.00 oere. Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)