Omrop TIP: 30 jier lyn, de Alvestêdetocht 1986

26 feb 2016 - 06:26

It is 04.30 oere yn de moarntiid, tûzenen riders steane oan de start fan de 'Tocht der tochten'. Yn 1986 waard op 26 febrewaris de Alvestêdetocht riden. Op Omrop Fryslân Telefyzje wurdt in part fan de dokumintêre ‘De Alvestêdetocht’ útstjoerd.

In toertocht dy’t tûzenen riders wol of net folbrochten. It wie in frjemde kopgroep yn 1986 mei ûnder oaren Marten Hoekstra, de koartebaanrider út Aldehaske. Mar winner fan de tocht waard Evert van Benthem, it wie syn twadde oerwinning ûnder oare trochdat alle oare favoriten harsels yn ‘e fernieling rieden.

Ferrassingen

NOS ferslachjouwer Evert ten Napel fertelt oer it momint dat hy Rein Jonker oanried op it iis. En fansels it ferhaal fan Rein Jonker sels, hy waard twadde. Ek omtinken foar de fjirde man, de ferrassing fan de Lemmer; Nanne Semplonius. It wie ien en al drokte op it iis yn 1986, benammen by Bartlehiem wie de situaasje dreech te behearskjen. Noch hieltyd tinke minsken dat, dat miskien wol de reden is dat de tocht yn 1996 net trochgie.

In part fan de dokumintêre ‘De Alvestêdetocht’ is hjoed freed 26 febrewaris te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op freedtemiddei 26 febrewaris om 16.15 oere en snein 28 febrewaris op Deitelefyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)