Omrop TIP: 2e krystdei - krystmuzyk en Top 100 einsprint

26 des 2015 - 07:54
  • Winterwiken

De krysttiid sit fol mei tradysjes en dat is by Omrop Fryslân net oars. Ien fan dy tradysjes is dat Douwe Heeringa ien fan beide krystdagen de allermoaiste krystmuzyk fan de hiele wrâld útsiket en draait yn in spesjale edysje fan Mei Douwe. Diskear docht er dat op twadde krystdei, fuortendalik nei it Fryske nijs fan njoggen oere. De oare tradysje is de lêste stimdei foar de Fryske Top 100.

Dy is der op twadde krystdei fan ienen oant seizen, mei in grut ferskaat oan live optredens fan Fryske artysten: Adri de Boer, Arie Kuipers, Iris Kroes,

Fierder ferrassende lokaasjeoptredens, want ferslachjouwer Wim Brons giet de provinsje troch mei sjonger Sipke de Boer. En wa’t net yn de gelegenheid west hat om syn stim foar de Fryske Top 100 digitaal út te bringen, hat no de kâns. In belpanel fan Fryske artysten sit klear om de telefoanyske stimmen te notearjen. Nijs en waar is der op twadde krystdei op de radio om 9 oere en 12 oere. Op TV op twadde krystdei by Omrop Fryslân it earste diel fan it Frysk Sjongers Gala mei ú.o Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Anneke Douma en Griet Wiersma. Sjoch foar de folsleine programmearring mei de feestdagen op www.omropfryslan.nl/winter

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)