Omrop TIP: 200 jier De Friesland, soarch oer soarch

10 okt 2015 - 07:18

Al yn 1815 waard yn Fryslân it earste sikefûns oprjochte. Op 18 juny, de dei fan de slach by Waterloo, sitte de oprjochters by de notaris. Harren fûns ‘Regt door zee’ is in offisjele rjochtsfoargonger fan Zorgverzekeraar De Friesland. Hjoed-de-dei in lytse spiler yn de wrâld fan de syktekostefersekeraars en ien dy’t noch in bining mei de regio hat. Twahûndert jier syktekostefersekering giet gelyk op mei twa ieuwen soarch.

Harm Poortman en Bart Maats fan De Gordyk kinne meiprate oer de ûntwikkelings yn de soarch.

Poortman is fanwege in swiere foarm fan reuma al 34 kear operearre. Hy is mei keunstgewrichten noch reedlik mobyl. Húsdokter Maats komt út in geslacht mei in soad húsdokters. Oer trije generaasjes is der in protte feroare. Yn de jierren '30 fan de foarige ieu wie der noch gjin penisilline en tsjintwurdich kinne minsken noch 20 jier libje nei in hertynfarkt.

Oant 2006 wie der it sikefûns en de partikuliere fersekering. Der wiene aparte sprekoeren en sikehuzen hiene lúkse keamers foar de ‘partikulieren’. Sûnt de ynfiering fan de soarchwet yn 2006 is elkenien gelyk en kin elkenien in eigen fersekering kieze.

Fierdere merkwurking late trije jier lyn ta in fúzje mei soarchfersekerder Achmea. De eardere bestjoersfoarsitter Hans Feenstra seit yn Fryslân DOK dat er dat spitich fynt. Skiedend foarsitter Diana Monissen is der just fan oertsjûge dat de fúzje mei Achmea it bedriuw sterker makke hat. De Friesland hâldt noch in selsstannige posysje oant 2020. Mar is dat yn de takomst hâldber?

De dokumintêre 'Soarch oer soarch' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)