Omrop stjoert dreamefangers op 'en paad

11 feb 2015 - 16:45
  • Dreamen foar Fryslân

Yn oanrin nei de Provinsjale Steateferkiezings op 18 maart siket Omrop Fryslân dreamen foar Fryslân. 'Dreamefangers' binne woansdei foar it earst de provinsje yngien om Friezen te freegjen nei har dream foar Fryslân. Geert van Tuinen die dat op it Dockinga-kolleezje yn Ferwert.

Hokker kant moat it út mei ús provinsje? De moaiste, orizjineelste en meast bysûndere dreamen komme op radio en televyzje. De dei nei de ferkiezings krije de nije Steateleden de dreamen.

Ha jo ek in dream foar Fryslân? Stjoer him yn fia ús webside: omropfryslân.nl/ferkiezings. Dêr komme alle dreamen ek op te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)