Omrop Smellingerlân út 'e brân

03 des 2003 - 00:00

De lokale omrop Smellingerlân kin yn de loft bliuwt, no't de gemeente 37.000 euro subsydzje jout. Offallende reklameynkomsten en it lyts tal donateurs pleagen de omrop. De gemeente stelt as betingst dat de omrop inkeld radio en in kabelkrante makket. Ek moate der mear donateurs komme. Televyzjeútstjoerings kinne net.

Takom maitiid beoardielet it gemeentebestjoer de gong fan saken by de lokale omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)