Omrop siket jonge akteur

29 jun 2004 - 09:16

Omrop Fryslân Skoaltelevyzje siket in jonge akteur. It giet om ien fan de haadrollen yn in nij jongeredrama dat makke wurdt foar it fuortset ûnderwiis. Yn dy searje meitsje seis jongeren har eigen film oer Fryslân.

De measte rollen binne al ynfold. De Omrop siket noch in jonge tusken de 14 en 18 jier. Hy moat wat ûnderfining mei drama ha en yn de wykeinen en fakânsjes frij wêze. Belangstellenden kinne har foar freed 2 july opjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)