Omrop sammelet klachten radio

22 jul 2003 - 00:00

Omrop Fryslân begjint op tiisdei mei in aksje om fia in spesjaal formulier klachten te sammeljen oer de minne radio-ûntfangst. De aksje is in ferfolch op it koart pleit oer de minne ûntfangst fan ferline wike. De rjochtbank fan Den Haach hat doe útsprutsen dat Omrop, Nozema en it ryk de klachten meiinoar ûndersykje moatte.

In part fan 'e minsken mei in klacht kin besite ferwachtsje fan in team dat de klachten ûndersiket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)