Omrop rikt eigen lintsjes út

25 apr 2014 - 10:39
  • Tiete Eisma krijt fan ferslachjouwer Joline Dalstra it Omrop-lintsje opspjelde

Omrop Fryslân dielt freed, de dei fan de lintsjerein, spesjale Omrop-lintsjes út. Dy binne foar minsken fan wa't harkers fine dat sy om wat foar reden dan ek in ûnderskieding fertsjinje.

De redaksje krige tsientallen reaksjes út de hiele provinsjes wei mei de moaiste ferhalen. De redaksje hat dêr in kar útmakke. Ferslachjouwers Joline Dalstra en Geert van Tuinen binne fan freedtemoarn seis oere ôf op 'en paad om de Omrop-lintsjes op te spjeldzjen.

It earste Omrop-lintsje wie foar Jan en Tiete Eisma fan Broeksterwâld.

Dochter Lies fynt dat har âlden in lintsje fertsjinje, omdat se altyd foar oaren dwaande binne. En dat is al salang't se har herinnerje kin. Sa sjocht mem fan 75 altyd om nei de buorlju, dy't net sa goed mear foar harren sels soargje kinne. "Nu brengt ze bijvoorbeeld iedere dag een gekookt eitje naar de buurvrouw een paar huizen verderop die niet goed meer ziet, ook voor controle. Daarvoor voor een andere buurvrouw die eigenlijk al jaren eerder in het verzorgingshuis had moeten zijn, maar ze wilde niet want 'Tiete zorgt wel voor mij', zei ze. M'n vader doet precies hetzelfde maar dan met zwaardere klusjes en hij is ook al niet de jongste meer, maar fitter dan menig ander," sa skriuwt Lies yn har mail.

De Omrop-lintsjerein is freed de hiele dei te folgjen fia de radio. De hiele list mei Omrop-lintsjes stiet op www.omropfryslan.nl/omroplintsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)