Omrop-programma yn DWDD

12 jan 2007 - 15:26
  • Gerard Reve yn syn 'Fryske' perioade

It populêre tv-programma De Wereld draait door jout freedtejûn omtinken oan de dokumintêre rige 'Reve yn Fryslân' fan Omrop Fryslân. Oanlieding is it lêste programma yn de rige, dat op 14 jannewaris útstjoerd wurdt. Yn dit programma praat Antoine Bodar oer syn bewûndering foar Reve.

Omrop Fryslân krijt in soad reaksjes op de programma's oer Reve. Dêrom binne de dokumintêres no ek op dvd te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)