Omrop-petysje woansdei oanbean

22 jan 2013 - 10:24
  • Snein om 13.00 oere wiene der al tûzen hantekens foar de omrop

Woansdeitemoarn biede de Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân in petysje en mear as 12.000 hantekens oan op it provinsjehûs yn Ljouwert. Heal desimber is in aksje fan start gien ta stipe fan Omrop Fryslân. Minsken koene de petysje 'Romte foar Omrop Fryslân' digitaal stypje. De petysje wurdt oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries foarôfgeand oan de Steategearkomste.

De Ried en de Freonen sille de deputearre dêrby mei klam freegje om yn it oerlis mei it Ryk, de bysûndere status fan Omrop Fryslân te hanthavenjen en te respektearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)