Omrop op de camping en Festivette by Omrop op televyzje

26 aug 2015 - 18:21
  • de Omrop op de camping

Dizze simmer wie Omrop Fryslân te finen op ferskate Fryske campings en festivals mei de programma’s ‘De Omrop op de camping’ en ‘Festivette’.

Sân ferskillende ferslachjouwers stienen yn in camper in wike op in Fryske camping. Alle dagen dienen se ferslach op de radio en op social media mei filmkes en foto’s. Fan moandei 31 augustus ôf binne trije ôfleverings mei de moaiste campingferhalen te sjen.

Dêrnei is op tongersdei en freed it programma Festivette te sjen, wêryn’t festivalgongers yn in estafette fan inoars festival priuwe.

It programma Festivette hat de ôfrûne moannen op social media sjen litten hoe ryk oft Fryslân is oan festivals en subkultueren. Foar, op en nei de festivals is ferslach dien op Instagram, Facebook en Twitter mei foto’s en filmkes. Yn de twa televyzje-ôfleverings fan Festivette geane fjouwer ‘diehard’ festivalgongers yn in estafette fan feest mei-inoar op ‘en paad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)