Omrop no op satellyt

10 nov 2006 - 14:10

Omrop Fryslân is fan freed trije oere ôf yn in grut part fan Europa te sjen fia de satellyt. Minister Van der Hoeven fan Mediasaken joech freed by de studio's fan RTV Noord-Hollân it startsein foar de omskeakeling.

Tenei binne alle tv-útsjoerings fan Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen fia de satellyt te ûntfangen. De kommende moanne wurdt it sinjaal ek noch trochstjoerd fia de gewoane antenne. Dat hâldt heal desimber op .

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)