Omrop nei de Tour de France

15 jul 2013 - 08:11
  • Tour de France

It hurdfytspeloton rjochtet him op de spannende slotwike fan de Tour de France. De Nederlanners prestearje goed, mei fansels Bauke Mollema fan Ljouwert as útsjitter. Ek nei de beklimming fan de Mont Ventoux, stiet er noch hieltyd op it twadde plak. Reden foar Omrop Fryslân om ôf te reizgjen nei it suden.

Ferslachjouwer Roelof de Vries is mei kameraman Dirk Klaver yn de Omrop Fryslânwein stapt om fanút Frankryk ferslach te dwaan fan de ferrjochtings fan de Friezen yn de Tour. Dat dogge we dizze hiele wike, op radio, tillevyzje en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)