Omrop moat op Smilde bliuwe

19 des 2003 - 00:00

Omrop Fryslân radio moat fia de mêst fan Smilde útstjoeren bliuwe. Dat hat de rjochter freed bepaald. De radio-ûntfangst is in stik minder yn it noardwesten fan de provinsje, sûnt de omrop fia Smilde útstjoere moat.

Omrop Fryslân wol wer fia Jirnsum útstjoere, ek om't de omrop in funksje hat as kalamiteitestjoerder. Fjirtich persint fan de Friezen hat no gjin of minne ûntfangst. De omrop wol noch fia in boaiemproseduere har gelyk helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)