'Omrop moat net opgean yn NOS'

13 des 2011 - 11:49

Omrop Fryslân Tillevyzje moat net opgean yn de NOS. Dat seit Twadde Keamerlid Martijn van Dam fan de PvdA. De partij makket him soargen oer de posysje fan de Omrop. Minister Van Bijsterveldt wol dat regionale omroppen útstjoere op Nederlân 3. De Omrop soe dêrtroch de programma's net mear op de eigen stjoerder bringe meie.

De Omrop en de provinsje wolle in aparte behanneling fan it ryk fanwege it útstjoeren yn de Fryske taal. Yn dy aparte behanneling soe it eigen kanaal fan de Omrop bliuwe moatte. Deputearre Jannewietske de Vries is bliid mei de PvdA-stipe yn de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)