'Omrop moat gewoan besunigje'

17 okt 2013 - 08:11

De besuniging fan 25 miljoen euro op de regionale omroppen wurdt net halvearre. Fan it bedrach giet 8 miljoen ôf, mar net noch mear. Dêrmei komme de regionale omroppen der noch goed fan ôf, fynt D66-Twadde-Keamerlid Verhoeven.

De besuniging op de publike omrop is troch it hjerstakkoart fan 100 nei 50 miljoen euro gien. Mar de besuniging op de regionale omroppen giet dus net troch de helte. Neffens Verhoeven is der sprake fan in earlike ferdieling.

It CDA fynt it reedlik dat de besuniging by de regionale omroppen wol halvearre wurdt.

Steatssekreatris Sander Dekker moat by de besunigings op de publieke Omrop in útsûndering meitsje foar Omrop Fryslân, seit deputearre Jannewietske de Vries fan de Provinsje Fryslân.

De Twadde Keamer is tongersdeitemiddei akkoart gien mei it ferminderjen fan de besungings op de publike omroppen fan 100 miljoen nei 50 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)