'Omrop itselde as de oaren'

10 des 2012 - 19:51
  • Debat oer takomst publike omroppen mei steatsekretaris Dekker

Omrop Fryslân moat deselde behanneling krije as alle oare regionale omroppen. Dat sei steatssiktaris Sander Dekker fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip moandei by it debat oer de takomst fan de publike omrop. Yn de plannen fan de steatssekretaris komme de regionale omroppen yn in saneamd finster op Nederlân 3.  

Der liket ek gjin stipe te wêzen foar de oprop fan de provinsje Fryslân om dochs it foech oer Omrop Fryslân te hâlden. De steatefraksje fan Friese Koers is lilk oer de plannen fan steatssekretaris Dekker.

Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra is it folslein ûnakseptabel dat de Omrop de selsstannigens ferliest. Friese Koers wol dat deputearre Jannewietske de Vries yn de Kadernota 2014 helderheid jout oer de posysje fan de Omrop. De partij freget oft de provinsje eigen middels ynsette wol om de selsstannigens fan Omrop Fryslân te garandearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)