Omrop Fryslân wer fia Jirnsum?

12 maaie 2004 - 00:00

Omrop Fryslân radio komt mooglik wer werom op de stjoerder yn Jirnsum. De mêst dêr wurdt woansdei test. Lykas bekend wie de ûntfangst fan de Omrop yn guon dielen fan de provinsje min, sûnt fia de mêst yn Smilde útstjoerd wurdt. De Omrop hat fia de rjochter besocht om werom te meien nei Jirnsum.

As út de test bliken docht dat Radio 1 der gjin lêst fan hat, soe de Omrop wer nei Jirnsum kinne. Radio 1 hat in frekwinsje flak neist dy fan de Omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)