Omrop Fryslân start mei digitale radio

30 apr 2015 - 18:46

Omrop Fryslân Radio begjint tongersdei mei it útstjoeren fia it nije digitale systeem DAB+. In grut oantal lanlike omroppen docht dat al langer. Mei it nije digitale systeem kinne radiostjoerders mei minder rûs en steuring ûntfongen wurde. Foarearst bliuwt ek de gewoane FM-ûntfangst fia 92.2 FM bestean. Foar Omrop Fryslan betsjut de ynfier fan digitale radio, dat de programma's yn in folle grutter gebiet fan Nederlân ûntfongen wurde kinne, oant fier yn Gelderlân.

Om DAB+ ûntfange te kinnen is in nije radio nedich. De ferwachting is dat oer in oantal jierren de âlde FM-stjoerders útskeakele wurde. Dat bart pas, as genôch radioharkers oerstapt binne op it nije systeem. De publike regionale omroppen diele de frekwinsjes mei in oantal kommersjele omroppen. Dêrtroch wie in mienskiplike ynkeaproseduere nedich. Uteinlik is dêr it bedriuw Broadcast Partners útkaam: dat bedriuw hat de stjoerders boud en antennes ynstallearre.

De stjoerders wurde ien foar ien ynskeakele. Dy fan Jirnsum dy't foar ûntfangst yn Fryslân soarget, giet pas letter yn maaie yn de loft.

Sjoch foar mear ynformaasje oer DAB+ op www.digitalradio.nl

Ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio op DAB+ yn hûs (grien) en yn de auto (grien + read)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)