Omrop Fryslân siket aksjes foar Nepal

28 apr 2015 - 22:39
  • Nepal ierdbeving

Yn it ramt fan de nasjonale aksjedei foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Nepal, no freed, is de redaksje fan Omrop Fryslân op syk nei Friezen dy't in relaasje hawwe mei Nepal. De omrop hat de ôfrûne dagen al mei ferskate Friezen en Friezen om utens yn Nepal kontakt hân, mar hat gjin folslein byld fan Friezen of Fryske helporganisaasjes yn Nepal dy't yn Nederlân of yn Nepal aktyf binne. Ek wol de redaksje graach witte oft der Friezen binne dy't freed aksjefiere sille: bygelyks jild ynsammelje mei kollega's as in skoalklasse dy't wat docht.

Reaksjes binne wolkom op redaksje@omropfryslan.nl of 058 - 299 77 99.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)