Omrop Fryslân radio yn maaie op DAB+

13 mrt 2015 - 16:45
  • Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Radio begjint op 1 maaie fan dit jier mei it útstjoeren oer it nije digitale systeem DAB+. In grut tal lanlike omroppen docht dat al langer. Mei it nije digitale systeem kinne radiostjoerders mei minder rûs en steuring ûntfongen wurde. Foarearst bliuwt lykwols ek de gewoane FM-ûntfangst op 92.2 FM bestean.

Foar Omrop Fryslân betsjut de ynfier fan digitale radio dat de programma's yn in folle grutter gebiet ûntfongen wurde kinne, oant fier yn Gelderlân. Om DAB+ ûntfange te kinnen is in nije digitale radio nedich.

De ferwachting is dat oer in tal jierren de âlde FM-stjoerders útskeakele wurde. Dat bart pas, as genôch harkers op it nije systeem oerstapt binne. De publike regionale omroppen diele de frekwinsjes mei in tal kommersjele omroppen. Dêrtroch wie in mienskiplike ynkeaproseduere nedich. Uteinlik is dêr it bedriuw Broadcast Partners útkaam: dat bedriuw sil de kommende tiid de stjoerders bouwe en antennes ynstallearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)