'Omrop Fryslân populêr'

26 jun 2013 - 15:43
  • Omrop

Omrop Fryslân krijt fan syn publyk de heechste wurdearring fan alle regionale omroppen: it rapportsifer 7.5. It gemiddelde fan alle regionale omroppen is 7.1. Dat docht bliken út in lanlik ûndersyk fan it bureau Motivaction, yn opdracht fan Roos, de koepel fan regionale omroppen. De resultaten wurde ynbrocht yn it keamerdebat dat woansdei hâlden wurdt oer de takomst fan lanlike en regionale omroppen.

Regionale televyzje is in súkses yn Nederland, wykliks sjogge seis miljoen minsken. Sa'n 30% fan alle Friezen sjocht deis nei Hjoed.

Oer de hiele wike lûkt de Omrop in lytse 300.000 Friezen. De regionale omroppen hinget in koarting boppe de holle fan 25 miljoen euro. Roos warskôget dat soks de takomst fan ûnôfhinklike sjoernalistyk yn de regio bedriget. Pleite wurdt foar mear oparbeidzjen mei kranten en lokale omroppen, om de delgong te kearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)