Omrop Fryslân op 1 by YouTube

21 nov 2008 - 10:25
  • Omrop Fryslân tongersdei op 1 by YouTube
  • Dizze dame luts frijwat omtinken

It Omrop Fryslân-kanaal op YouTube wie tongersdei it bêst besjoene YouTube-kanaal fan Nederlân. Mei in lytse 28.000 sjoggers skoarde Omrop Fryslân folle better as konkurrinten as Uitzending gemist en Eredivisie live.

De grutte belangstelling wie benammen te tankjen oan it Hjoed-item 'Bleate dame yn bosk Oranjewâld', dat woansdei by Omrop Fryslân op tv te sjen wie. De einredaksje fan YouTube koe it item net wurdearje. It item waard ferwidere fanwege 'tefolle bleat'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)