Omrop Fryslân net op swart by minút stilte

08 jan 2015 - 11:06
  • Omrop Fryslân Aktueel
  • Op de redaksje fan de LC waard in minút stilte holden
  • Meiwurkers fan de Ljouwerter Krante beplakke de ruten mei posters
  • De ruten fan it gebou fan de Ljouwerter Krante binne beplakt mei posters

Ferskate media yn Fryslân ha om alve oere in minút stilte hâlden om kollega's te betinken dy't woansdei yn Parys om it libben kamen by de oanslach op it satirysk tiidskrift Charlie Hebdo. De Nederlandse Vereniging van Journalisten rôp op ta in minút stilte. De publike omrop en oare stasjons giene dêrom op swart.

Neffens ynterim-haadredakteur Alex Beishuizen fan Omrop Fryslân is dat in ferkeard sinjaal. Hy fynt dat sjoernalisten krekt no nét stil wêze moatte, mar sjen en hearre litte moatte dat se der binne. De Omrop gong dêrom net op swart.

De journalisten op de redaksje fan Omrop Fryslân wiene wol in minuut stil. Ek op de redaksje fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd wie it stil. Haadredakteur Hans Snijder spruts krekt dêrfoar de krantesjoernalisten koart ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)