Omrop Fryslân hâldt minút stilte foar slachtoffers Parys

15 nov 2015 - 15:16

Omrop Fryslân hâldt moandei ek in minút stilte om 12.00 oere. De omrop slút hjirmei oan by de minút stilte dy't yn hiel Europa hâlden wurde sil ta neitins oan de slachtoffers fan de oanslaggen yn Parys. Ek alle oare publike radio- en televyzjestjoerders hâlde in minút stilte.

Op alle oerheidsgebouwen hinget moandei de flagge healstôk.

De NS hat snein witte litten dat reizgers en meiwurkers yn treinen en op stasjons moandei in minút stilte hâlde kinne as earbetoan oan de slachtoffers fan de oanslaggen. Yn de minút stilte wurdt op de stasjons net omroppen. Letter op de snein folget noch in oerlis om te sjen oft de treinen yn de minút stilte net ride sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)