Omrop Fryslân by CNN yn Londen

29 jul 2012 - 13:39

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Jan Vincent van Zuiden en kameraman Dirk Klaver makken sneon de earste bydrage oer de Olympyske Spelen op in bysûnder plak yn Londen. De kameraploech fan de Omrop kaam by de redaksje fan CNN telâne. Dêr hiene se fan it balkon fan it hege gebou ôf moai sicht op de Olympyske hal.

Van Zuiden en Klaver binne de kommende oardel wike yn Londen om de Friezen te folgjen. Sa praten se sneon mei Epke Zonderland sels, mar ek mei syn broer Herre en mei syn omke dy't ek Epke Zonderland hyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)