Omrop-ferslachjouwer wer thús út Nepal: fiif fragen

16 okt 2015 - 17:11
  • Nepal, in heal jier nei de ierdbeving
  • Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn Nepal
  • Noch hieltyd lizze in soad huzen yn pún

As ien fan de earste sjoernalisten fan de wrâld wie Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer de ôfrûne twa wiken yn it episintrum fan it ierdbevingsgebiet yn Nepal. It berchlân waard yn april troffen troch de swierste ierdbeving yn 80 jier. Tûzenen minsken kamen om en in grut part fan it lân lei yn pún. Der kaam in grutte helpaksje op gong om de minsken dêr te helpen, ûnder oaren troch de Fryske helporganisaasje Stichting Studenten en Musahar project Nepal, SMPN.

Gerrit de Boer seach mei in delegaasje hoe’t it no yn Nepal is en wat der dien is mei it jild dat ek yn Fryslân ynsammele waard.

Wat hast dêr krekt dien?

Ik ha mei de Fryske stichting Studenten en Musahar Project Nepal (SMPN) op ‘en paad west. Dizze helporganisaasje set him yn foar studintesponsoring en ûnderwiis oan bern en jongeren yn de haadstêd Kathmandu en it berchdistrikt Gorkha dêr’t skoallen boud wurde. Nei de ierdbeving ha se in soad jild ynsammele, sa’n 230.000 euro. 40.000 euro dêrfan is stutsen yn needfoarsjenningen. SMPN wie nei Nepal om de minsken in hert ûnder de riem te stekken en te sjen hoe’t it giet mei de needfoarsjenningen en de troch har boude skoallen.

Wêr hast allegearre west?

Fansels yn de haadstêd Kathmandu. Hjir binne de measte deaden fallen. Mar wy binne ek de bergen ynlutsen, nei it episintrum fan de ierdbeving. Hjir wie ek de grutste ferwoesting. Wat is dy it measte bybleaun? De ferwoesting hat in geweldige yndruk achterlitten. Hiele doarpen binne tsjin de flakte gien. Op in soad plakken ha minsken neat mear en wenje no yn needwenningen en tinten. Mar ek de ûnbidige lânskippen fan it lân sille my altyd bybliuwe. Nepal is ien en al bergen, it hâldt noait op. It wie dan ek in ynspannende trip. Somtiden moasten wy 5 oeren klimme nei it folgjende doarp. Lâns lytse paadsjes en smelle richeltsjes. It wie swier en smoarch. Yn de doarpkes wiene hast gjin foarsjenningen, lykas wetter. Waskje diene wy hiel primityf mei it bytsje wetter dat der beskikber wie en klean waskje wie der faak net by. De ûnderbroek hiene wy dan ek gau in pear dagen langer oan….

In soad klimme dus, hoe hiest dat mei dyn kamera?

Ik hie sels in rêchsek mei mei al myn apparatuer, lykas kamera, stjoerders en mikrofoans. Al mei al sa’n 10 kilo. Foar myn rêchsek mei klean hiene wy gelokkich dragers mei. Dat wie in gouden greep. Oars hie it ek net kinnen. Hiest in idee wat dy te wachtsjen stie? Wol ûngefear. Mar ast it mei eigen eagen sjochst, makket it djippe yndruk. Foaral yn de lytse doarpkes yn it episintrum stie eins neat mear oerein. En fan opbou is hast noch gjin sprake. Ik ha grutte bewûndering foar de minsken dêr en hoe’t se troch de tiid komme mei it lytse bytsje dat se noch ha.

Foar it grutste part fan it lân jildt sûnt tongersdei gjin negatyf reisadvys mear. Der is sels in hiele kampanje opsetten, ‘Nepal Now’, om reizgers wer nei it lân te lokjen. Fynsto ek dat toeristen wer komme kinne?

Toerisme is de wichtichste boarne fan ynkomsten foar Nepal. Dy ynkomsten binne troch de ramp hast hielendal fuort fallen. In soad minsken hawwe hjirtroch gjin wurk en dus ek gjin ynkomsten mear. No’t it derop liket dat de ierdbevingen foarby binne hoopje ik dat de toeristen it wer oandoare om der hinne te gean. Ik tink wol dat it wer kin. En foar de Nepalezen is it fan libbensbelang.

Wat hat it persoanlik mei dy dien?

Ik libje fan no ôf mei de Nepalezen mei. Ik ha grutte bewûndering foar de warberheid en striidberheid fan de minsken. Ut neat bouwe se wer wat op, lizze in túntsje oan en bouwe in húske fan wat golfplaten. Nettsjinsteande alle ellinde binne se fleurich al sit der ûnderhûdsk wol in soad fertriet. Wy kamen in kear yn in doarpke oan en der waard spontaan in feest foar ús organisearre. Want se fûnen dat ús komst reden foar in feestje wie. Mar ik wol wol tsjin alle ynternasjonale helporganisaasjes sizze: ferjit de Nepalezen net, foaral yn de min tagonklike gebieten. Sjoch fierder as wêr’t de jeeps oan ta komme kinne. De minsken ha ek no noch help nedich om wer wat op te bouwen, want se binne der lang net.

De reportaazjes fan Gerrit de Boer binne fan 26 oant en mei 29 oktober te sjen yn Bynt. In ferslach fan syn reis is no te sjen op omropfryslan.nl/nepal en de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)