Omrop bringt nije simmerhit út

06 jul 2013 - 13:11
  • Dûnsje op de simmerhit fan Omrop Fryslân

'De Simmerswing' is de titel fan de nije simmerhit fan Omrop Fryslân. It ferske is sneontemiddei offisjeel yn premjêre gien yn it radioprogramma 'Sneon yn Fryslân'. It wie tagelyk it startskot fan de 'Simmer yn Fryslân'-kampanje. Dizze simmer is der by Omrop Fryslân wer folop omtinken foar grutte eveneminten.

‘De simmerswing’ is skreaun en komponearre troch omropmeiwurkers Jan Durk de Haan en Martijn Engbrenghof. It is in simmersk ferske, dêr't elkenien op dûnsje kin. Der heart ek in spesjaal dûnske by.

It ferske is ynsongen troch ûnder oaren: de 11-jierrige Silke van der Land, Denise Rivera, Bertrie Wieringa en John de Vries. De klip is opnaam yn de Prinsetún en it Achmea Health Center yn Ljouwert en by de Bullemûne by Lekkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)