Omrop: app foar smarttelevyzje

27 nov 2013 - 12:16
  • Programma's werom sjen fia de Smart TV-app
  • Nijs sjen fia de Smart TV-app

Omrop Fryslân en njoggen oare regionale omroppen komme woansdei mei in app foar smart-televyzjes. In smart-televyzje is in tastel mei oansluting op ynternet. Mei de app kinne sjoggers regionale nijs- en sportreportaazjes besjen, programma's weromsjen en live nei de regionale omroppen sjen en harkje. De app is meikoarten beskikber en is no geskikt foar tastellen fan Samsung. Letter folget LG en oare tastellen.

Doel is om dat noch út te wreidzjen nei oare systemen. Noch net alle regionale omroppen dogge mei, mar dy kinne har wol oanslute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)