Omrop: 3 nominaasjes NL Awards

12 feb 2014 - 11:05
  • It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert

Omrop Fryslân is trije kear nominearre foar de NL Awards. Foar radio nijs is dat it ferslach fan de kampioenswedstriid fan Cambuur út tsjin Excelsior dy't tagelyk spile waard mei koprinner FC Volendam tsjin Go Ahead Eagles. Yn radio faria is nominearre Buro de Vries mei it ultrakoarte ferhaal fan Nyk de Vries.

Foar de kategory achtergrûn televyzje is nominearre de Byntreportaazje 'Lessen leare út silo-ûngelok' mei in oangripend petear mei de neibesteanden fan Mark Lemmens, dy't omkaam by it skjinmeitsjen fan de dongsilo yn Makkingea.

De NL-Awards binne de jierlikse prizen foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. Der binne 26 radio- en tv-programma’s nominearre ferdield oer de kategoryen Nijs, Achtergrûn, Faria, Eveneminten, Dokumintêre en Sosjale Ynteraksje. De prizen wurde 12 maart útrikt.

Beharkje hjir en hjir it ultrakoarte ferhaal fan Nyk de Vries.

Beharkje hjir it ferslach fan de kampioenswedstriid fan Cambuur en de oare nominaasjes yn de kategory 'Radio - Nijs'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)