Omrinwinkel rjochtet huzen yn

06 nov 2008 - 17:21

In folsleine húsynrjochting wurdt tsjintwurdich fersoarge troch de omrinwinkel yn Boalsert. Alle wiken krije sa'n fiif huzen brûkte bankstellen, stuollen, tafels en noch mear. De measte klanten komme fan Ljouwert seit eigner Broer de Ring.

Fergees is it net, de minsken moatte 25 euro betelje. De Ring ferwachtet dat er it hieltyd drokker krije sil. Hy tinkt dat in soad minsken troch de krisis kwalik jild mear liene kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)