Omrin wol plastic ferwurkje

02 apr 2008 - 21:49

Offalferwurker Omrin hat plannen foar de bou fan in recycle-ynstallaasje foar plastic. Dy moat komme by ekopark De_Wierde by Aldehaske. Betingst is dat minister Kramer har plannen foar it skieden ynsammeljen fan plastic trochset. Ek moatte de Fryske gemeenten as oandielhâlder fan Omrin dermei ynstimme.

De kosten fan de bou, mear as tsien miljoen euro, wurde betelle troch de produsinten fan plastic.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)