Omrin wol no dochs temperatuergegevens ôffaloven frijjaan

04 apr 2016 - 16:44
  • Omrin, ôffaloven, Harns

Offalferwurker Omrin wol dochs de temperatuergegevens fan de REC yn Harns frijjaan. Earder fregen tsjinstanners dêrom, mar se krigen se net. De opponinten fan de ôffaloven hawwe soargen oer de temperatuer dêr't it ôffal op ferbaarnd wurdt. As de temperatuer te leech is, ûntstiet der dioksine.

Der is sels in rjochtsaak oanspand troch de tsjinstanners om de gegevens te krijen. Dy tsjinnet yn maaie.

Goede temperatuer
Neffens Omrin is der hielendal neat mis mei de temperatuer dêr't it ôffal op ferbaarnd wurdt. Direkteur John Vernooij seit dat der strange wetten binne dêr't se harren oan hâlde. ,,Je moet je afval verbranden op 850 graden en daar houden wij ons aan.'' 

It liket derop dat Omrin no dochs de gegevens frijjout. Toksikolooch Abel Arkenbout mei delkomme by de REC, sa seit Vernooij: ,,Om de gegevens in te zien en zelfs mee te nemen voor nader onderzoek.''

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)