Omrin wer opholden mei REC

06 sep 2010 - 17:11

Offalferwurker Omrin is foar de twadde kear yn koarte tiid opholden mei wurk oan de ôffaloven yn Harns. It giet om wurk oan in portierlôzje, twa brêgen en in pompgebou. De gemeente Harns hat de ôffalferwurker moandei in boustop oplein, omdat er gjin fergunning ha soe foar it wurk.

As Omrin trochbouwe soe, moatte se alle dagen in boete fan 10.000 euro betelje, oant in maksimum fan in ton. Omrin is lykwols fuortdaliks opholden mei bouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)