Omrin sil op gas ride

30 jun 2009 - 16:48

Offalferwurker Omrin wol binnen acht jier it grutste part fan it ridend materiaal op ierd- of biogas ride litte en is dêr no ek mei úteinset. Omrin hat 220 weinen en weintsjes; 130 dêrfan binne geskikt foar it riden op biogas. De ôffalferwurker produsearret sels biogas út ôffal yn Aldehaske.

Dat gas wurdt yn in ierdgasnetwurk ynjekteard wêrnei't de weinen tanke kinne wêr't mar in geskikt tankstasjon is. Omrin begjint hjirmei yn Ljouwert, want dêr is al sa'n tankstasjon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)