Omrin set stekken tusken konteners by miljeustrjitten

18 nov 2015 - 12:17
  • Sa komt it der út te sjen by de miljeustrjitten

Yn alle miljeustrjitten fan Omrin komme stekken fan 1 meter tusken de kontainers en it bordes. Dit wurdt dien om oan feilichheidseasken fan de ARBO-wetjouwing te foldwaan. De stekken moatte foarkomme dat minsken yn de konteners falle kinne.

De nije easken ferbiede wurknimmers ek om minsken te helpen mei it tillen fan guod. Minsken kinne dêrom grutte en swiere saken better thús útelkoar helje en as dat net kin moatte se sels helpers meinimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)