Omrin rêdt net langer himp op

31 des 2011 - 16:27

It bedriuw Kusters út Eindhoven sil fan takom jier ôf alle himpkwekerijen yn ús provinsje opromje. Oant no ta die Omrin dit, mar dy hâldt hjir op 1 jannewaris mei op. It opromjen fan de plantaazjes wurdt dan lanlik regele. It foardiel hjirfan is dat it oprêden goedkeaper kin en boppedat sil it ôffal tenei better skifte wurde.

De plysje Fryslân sjocht de foardielen hjirfan, mar seit ek dat se de ôfrûne tsien jier goed gearwurke hawwe mei Omrin. Foaral omdat it bedriuw altyd maklik te benaderjen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)