Omrin past oven Harns oan om de feiligens te ferbetterjen

17 feb 2016 - 23:48
  • De gearkomste oer de REC

Offalferwurker REC past de oven yn Harns oan op trije punten. It giet ûnder oare om in systeem wêrmei't foarkaam wurde kin dat yn de oven ûnkontrolearre ôffal baarnt. Omrin wol dêrmei steuringen lykas dy fan begjin oktober foarkomme. Doe kaam in soad dioksine frij. Omrindirekteur Vernooij makke dat bekend op in ynformaasjegearkomste fan provinsjale steaten.

De steateleden hiene trije saakkundigen útnûge om harren fyzje te jaan op alles wat der bart mei de ôffaloven.

In saakkundige út Dútslân kaam mei it advys de opstartproseduere fan de oven te ferbetterjen. Sa'n selde oanbefelling die earder ek al de Nederlânske saakkundige Johan Vollenbroek. Omrin fynt de suggestje nijsgjirrich en wol him fierder ûndersykje.

De steaten prate takom wike fierder oer it ûnderwerp. Se wolle dan dúdlik hawwe wat de provinsje dwaan kin om de feiligens om de oven hinne te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)