Omrin leit wurk Harns stil

30 aug 2010 - 16:46
  • Moandeitemoarn waard noch oan de lieding wurke

Omrin leit de wurksumheden oan de stoomlieding fan de reststoffeôffaloven yn Harns foarearst dochs stil. It ôfrûne wykein en ek moandeitemoarn wie der noch grutte ûndúdlikheid oer de boufergunning.

It wurk soe yn striid wêze mei in beslút fan de gemeente Harns. De plysje lei de bou sneon stil, mar makke doe gjin proses-ferbaal. Nei oerlis tusken de gemeente en de direksje fan Omrin hat Omrin dochs besletten om it wurk stil te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)